Frysk lânskip kriget in 7,2

woansdei 16 juny 2010

JohnJorritsmaAMSTERDAM – Neffens de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap (VNC) is Fryslân mei ôfstân de moaiste provinsje fan Nederlân. De VNC hat saakkundigen op it mêd fan lânskip alle provinsjes beoardielje litten. Fryslân krige in 7,2 fan de saakkundigen en stie dêrmei in ein heger as de nûmer 2, Utert, dy’t mar in 5,1 krige. It aaklikst om te sjen is neffens de saakkundigen Flevolân. Dy provinsje kriget mar in 1,7.

By harren beoardieling hawwe de saakkundigen sjoen nei de skientme fan it lânskip, de kultuerhistoaryske wearde, de biodiversiteit (tal ferskillende planten en blommen), de kwaliteit fan it wetter en de boaiem en de kwaliteit fan it natoerbehear en de boskwachterij.

Komsaris John Jorritsma krige juster yn De Rode Hoed yn Amsterdam in ûnderskieding foar syn kreaze provinsje fan de VNC. Neffens VNC-foarsitter Dirkmaat wienen Friezen noch grutsk genôch om har te fersetten tsjin it oantaasten fan de eigenheid fan harren provinsje. As reaksje begûnen de oanwêzige Friezen it Frysk folksliet te sjongen.

Ek sjen:

  1. Nije dyk Dokkum-Wâldwei
  2. Jorritsma praat Frysk
  3. Nij regear min foar Fryslân
  4. SWF kriget in keppelstreekje
  5. Hindrik van der Meer kriget Anjer

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic