Gearfoeging gemeenten begrutlik

woansdei 9 juny 2010

It gearfoegjen fan gemeenten is tige aktueel. Wenstich argumint dêrfoar is dat soks jild opsmyt. Mar dat is klearebarre wipwap, sa docht no bliken. It is krekt oarsom.

 Weryndieling

Útstellen foar weryndielingsplannen fan oerheden dûkelje langer oerelkoar hinne. Yn Fryslân hearsket al in skoft in weryndielingskoarts. Mar leafst fiif gemeenten yn Súdwest Fryslân komme al aardich op streek om te fusearjen. Mar dat is noch mar it begjin. VNG1Provinsjes soenen gearfoege wurde kinne ta lânsdielen of tagelyk mei de gemeenten alhielendal opdoekt en ferfongen troch regio’s. Wetterskippen kinne ek noch wol earne yn tefrommele wurde. Foar it kongres fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG), earjuster en juster yn Ljouwert (sjoch de foto’s foar in ympresje), wie in foarriedich plan opsteld om de provinsjes út te holjen en dêrtsjinoer krêftiger gemeenten te kreëarjen, mar dêr wie yn de gemeentlike fermiddens sa’n bytsje ienriedigens oer, dat de foarslach mar net yn stimming brocht is. Foarsitter Annemarie Jorritsma fan de VNG sil no mear tiid útlûke foar fierdere plannemakkerij.

 Skaalfergrutting

De wichtige driuwfear foar weryndieling fan bestjoersorganen is ornaris de ûnderstelling dat troch gearfoeging jild te besparjen is. Sa binne der by gemeenten dan ommers minder boargemasters, wethâlders, siktarissen en riedsleden nedich. Mar oft dat likefolle jildt foar it tal amtners is de fraach, want it oanstjoeren fan gruttere organisaasjes ferget mear managers. VNG2Fanwegen de mânskens fan it gemeentlik amtnersapparaat is it sadwaande ek mar de fraach oft yndied troch skaalfergrutting by eintsjebeslút minder minsken nedich binne en de kosten leger wurde. Maarten A. Allers fan it Sintrum foar ûndersyk fan de ekonomy fan de legere oerheden (COELO) jout de antwurden op dy fragen yn it lêste nûmer fan Economisch Statistische Berichten.

 Tal amtners neffens omfieming fan gemeenten

Allers lit sjen dat lytse Nederlânske gemeenten yn trochsneed net mear personiel yn tsjinst hawwe as middelgrutte en grutte. Hoewol’t de spreiding fan de data grut is, is it ferbân dúdlik oarsom: yn trochsneed hawwe gemeenten mei 10.000 ynwenners foar eltse 1000 ynwenners sa’n 6 amtners yn tsjinst, wylst dat der beneistenby 7 binne foar gemeenten fan 50.000 en omtrint 8 foar gemeenten fan 100.000 ynwenners. De sifers binne fan 2009 en komme fan it Ministearje fan Ynlânske Saken.VNG3

Útjeften neffens omfieming fan gemeenten

Is it tal amtners neffens ynwennertal by lytse gemeenten faaks leger trochdat wurk útbesteld wurdt oan gruttere gemeenten en bedriuwen? Nee, want Allers toant ek oan dat, hoewol’t de sprieding wer grut is, de gemeentlike útjeften likegoed omheech geane mei de omfang fan de gemeente: fan om ende by € 1.800,- de ynwenner by gemeenten fan 10.000 ynwenners, nei sawat € 2.100,- by gemeenten fan 50.000 en likernôch € 2.500,- by gemeenten fan 100.000 ynwenners. Dat docht bliken út begruttingssifers fan it CBS oer 2010, mar dy fan 2008 en 2009 jouwe itselde byld.

Mjitten effekten fan weryndielings

Mei de niisneamde sifers is it lykwols noch net wis dat weryndieling altyd liedt ta hegere kosten. It giet ommers om allegearre ferskillende gemeenten mei útienrinnende skaaimerken. Sadwaande hat Allers ek de begruttingssifers besjoen fan 24 weryndielingsgemeenten foar de perioade fan 2002 oant 2010 (ôfkomstich fan it CBS). VNG4Neffens it jier foàr de weryndieling en korrizjearre foàr de lanlike groei yn gemeente-útjeften, fernijt Allers dat foar de measte gemeenten yn de earste jierren nei de gearfoeging it kostennivo yn trochsneed rûchwei in 10 % heger leit. Fierders docht bliken dat der yn de beskôge gemeenten yn de earste 7 jier nei de gearfoeging noch gjin winst behelle is troch de ûnderstelde hegere effisjinsje.

 

Konklúzje

De sifers dy’t Allers op in rychje set, wize der allegearre op dat weryndielings fan gemeenten net ta besparrings liede. Krekt oarsom: it docht bliken dat it gearfoegjen fan gemeenten krekt hegere kosten teweibringt.VNG5

Ek sjen:

  1. Jild fergriemerij by gemeenten
  2. Gemeenten fersmite taal as bystânseask
  3. Nije gemeenten yn besteande gemeenten?
  4. `Fryslân moat fiif gemeenten krije’
  5. Tafersjoch gemeenten kostet jild

2 reaksjes op “Gearfoeging gemeenten begrutlik”


  1. Erwin
    9 juny 2010 22:30

    Yn Fryslân wurde de gemeenten hieltyd grutter sadat Fryslân, Drinte en Grinslân maklik gearfoege wurde kinne. As it net om besparrings giet, wêr giet it dan wol om?


  2. pizzabakker
    9 juny 2010 22:43

    In bytsje mei gemeenten boartsje. Is toch in leuke hobby.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic