Gedicht: Lokkich
sneon 26 juny 2010
Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my. Lês mar ris fierder.
Bauke Miedema út Menaam.
it sjongt yn mij
it swingt yn mij
it dânset troch mij hinne
se seit
en dat ha’k goed ferstien
se seit
ik hâld fan dij
ik hâld fan dij allinne
komt dat goed út
dat doch ik ek
wij falle op deselde
jou mij mar gau in tút
ik tink
dit liket skoan
it kin net misse
dit bliuwt
hiel lang noch oan
bytsje ferstân
in hoartsje letter dus
seit se
sûnder petear
bij mij
binn’ no de rapen gear
en ik
ik woe
ik soe
mar nee ‘t is út
sûnder dy tút
de lêste
dit lok is no
foargoed ferpest
mar lokkich ha ‘k
wol lokkich west
Ek sjen:
- Gedicht: nijbou Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...
- Gedicht: fiele Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...
- Gedicht: Mordicus Frisia ’k Bin derop tsjin, in spraakgebrek fan ’t ,‘klootjesvolk’ sa...
- Gedicht fan Hindrik van der Meer Dit gedicht hat Hindrik van der Meer útsprutsen op de...
- Gedicht: Op de bleate Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...








