Gemeente: earm sloof moat man

woansdei 9 juny 2010

DOKKUM – De gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel hawwe in unike manier betocht om froulju út de bystân te krijen: keppelje se oan in man mei jild. Dat hat in wurdfierder fan de gemeente hjoed buorkundich makke.

De gemeente Dongeradiel jout elkenien dy’t dat wol 1.400 euro om te besteegjen oan relaasjebemiddeling, de kapper, nije klean en oare saken dy’t it makliker meitsje om oan de man te reitsjen. It projekt rint al sûnt april en der dogge ferskate minsken oan mei.

Yn Dantumadiel soe ûnder de namme Up to date in ferlykber projekt fan start gean. Op oanfraach fan de SGP waard dêr justerjûn yn sân hasten in ekstra gearkomste fan de gemeenterie oer organisearre. Dy wie net te sprekken oer it plan. Wethâlder Marianne Hofs moast tasizze dat it net trochgean soe.

Ek sjen:

  1. Gemeente krijt suggestjes fan RfdFB
  2. Littenseradiel feilichste gemeente
  3. Gemeente Hearrenfean en FNP
  4. Gjin kearnôffal yn de gemeente Skarsterlân
  5. Meartalich opbringen fan pjutten

1 reaksje op “Gemeente: earm sloof moat man”


  1. pizzabakker
    9 juny 2010 22:46

    Fan de bystân nei de boargerlike stân!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic