“God fynt fuotbal sûndich”

freed 25 juny 2010

bibelELBURCH – Yn de Nederlânske bibelgurdle is fuotbal in hjit hangizer. Hoewol’t in protte strang grifformearden dêre gjin televyzje hawwe, kinne de bern fansels wol op ynternet fuotbal sjen. Alden freegje dûmny oft dat kin. De Elburchske dûmny M. Kempeneers is dêr tige dúdlik oer: nee! “Het wereldse vermaak” fuotbal is sûnde en wa’t syn bern dernei sjen lit, sil nei syn dea troch de tsjûgenissen fan syn bern troch God straft wurde.

Wa’t witte wol hokker helske straffen oft der neffens de dûmny foar fuotbalsjoggers yn it fet sitte, kin de man syn advys hjir fine.

Ek sjen:

  1. Fuotbal-WK yn Ruslân en Katar
  2. Lotting EK fuotbal 2012
  3. Taalrel yn Katalaansk fuotbal
  4. Fifa slút Nigeria ynearsten út
  5. Temarii en Adamu út FIFA set

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic