Grutte boeke-opromming
freed 4 juny 2010DE GORDYK – Wa’t syn foarrie Fryske boeken goedkeap oanfolje wol, moat nei de Gordyk. Boekferkeaper Steven Sterk rommet nammentlik op. Hjoed en fan ‘t wykein binne foar lytse pryskes gâns boeken te besetten, ek yn it Nederlânsk. Elk dy’t wat keapet, kriget der fergees noch in boek by.
De boeken dy’t Sterk oprommet, komme fan syn eigen útjouwerijen Tialda en Bornmeer, mar ek fan oare útjouwerijen dêr’t er foarrie fan oerkocht hat. Mei-inoar lizze der yn de opslach op ‘e Gordyk oardel miljoen boeken.
Klik hjir foar mear ynformaasje.
Ek sjen:








