Helen Thomas hâldt op
tiisdei 8 juny 2010
WASHINGTON – De ferneamde 89-jierrige sjoernaliste Helen Thomas is mei pensjoen gien. Frou Thomas wurke sûnt de jierren sechstich as ferslachjouwer foar it parseburo UPI en de krantekombinaasje Hearst, dy’t ûnder oaren de Houston Chronicle en de San Francisco Chronicle útjout.
Reden dat frou Thomas op slach dien nimt, is de krityk op in útspraak dy’t se ferline wike die. In rabbyn frege har miening oer is Israelysk-Palestynske konflikt. Har antwurd wie dat de Israeliërs “sa gau mooglik fuort moatte út Palestina” en dat se “weromgean moatte nei Poalen, Dútslân, Amearika of wêr’t se ek mar weikomme.” De útspraak waard opfongen troch in televyzjekamera en bedarre op it nijs.
Guon kollega’s alle gearwurking mei Helen Thomas opsein omreden fan har útspraak. It Wite Hûs hat har ek te witten dien dat se net mear wolkom wie en útnoegingen foar lêzingen binne ynlutsen woarn.
Ek sjen:








