Hitler-akteur lûkt him werom
sneon 19 juny 2010
BOMBAY – De Yndiaaske akteur Anupam Kher sil net de rol fan Adolf Hitler spylje yn de film Dear Friend Hitler. Dat hat de akteur juster buorkundich makke. De film soe de yn Yndia navenant ûnbekende Hitler benammen as in foarstanner fan de Yndiaaske ûnôfhinklikens sjen litte. Fan histoarisy en Yndiaaske joaden kaam dêr in protte krityk op. Kher sei dat er net meiwurkje woe oan in film dêr’t safolle minsken ûngelokkich fan wurde soenen.
Ek sjen:









