Ien graad
snein 13 juny 2010Wittenskipssjoernalist Mark Lynas kjimde de wittenskiplike literatuer út om út te finen hoe’t de wrâld derhinne komt te lizzen as de temperatueren omheech geane. It fassinearjende boek ‘Six Degrees’ dat er deroer skreau, jout in ysbaarlik ynsjoch yn wat ús foarlân driget te wurden no’t de FN-besprekkings om fierdere klimaatferoaring foar te kommen noch hieltyd stûkje (sjoch: De Boer ploeget net fierder). Reden foar It Nijs de kommende tiid in graad-foar-graad-gearfetting te jaan. Hjoed: ien graad, oftewol yn trochsneed 0,1 – 1 ˚C wrâldwide temperatuerferheging sûnt it pree-yndustriële tiidrek.
Op it heden sitte wy al op likernôch trijefearn graad temperatuerferheging. Dat, it neikommende (foar in diel frij bekende) listke fan al ynsetten en noch te ferwachtsjen klimaateffekten kinne we mar better oan wenne:
- It fuortteien fan iiskappen en gletsjers rûnom op ‘e wrâld. De iiskape fan ‘e Kilimanjaro sil foar it earst sûnt de lêste iistiid alhiel ferdwine.
- It teien fan ‘e iiskape op ‘e Noardpoal. Ferfanging fan wjerkeatsjend ljocht iis troch sinnewaarmte absorbearjend donker wetter sterket it opwaarmjen fuort. De iisbear stjert út. Troch minder grutte temperatuerferskillen oare luchtstreamingen en sadwaande te uzes oar waar.
- Atollen yn ‘e Stille Súdsee sille troch de seespegelstiging fersûpe.
- Kâns op mear en krêftiger orkanen troch in hegere seewettertemperatuer.
- Droechte yn it Westen fan ‘e Feriene Steaten, te ferlykjen mei de ‘Dust Bowls’ yn ‘e jierren tritich fan ‘e foarrige ieu.
- Tanimmend lawinegefaar yn ‘e bergen. Op 15 july yn de hite – mar skielk mooglik normale – simmer fan 2003 binne der 90 klimmers fan ‘e Matterhorn yn Switserlân ôfhelle omdat de iene lawine de oare jage. De Matterhorn wurdt troch permafrost byelkoar holden, mar dy simmer wie it teiwaar oant boppe de top fan dy berch.
- It biologysk ferskaat kriget grutte klappen:
- Ferbleekjen fan koraal. Koraalpolipen krije sûkers fan algen, dêr’t se mei yn symbioaze libje, en jouwe dêr fiedselstoffen foar werom. As it wetter te waarm wurdt, jout earst de alch belies, wêrmei’t it koraal ferbleket en dêrnei ôfstjert.
- It ferdwinen fan natuergebieten troch it opskowen fan klimaatsônes. Bedrige wurde ûnder oaren it Queensland Wet Tropics reinwâld yn Austraalje en it Kaapske floararyk yn Súd-Afrika, mei 9.000 plantesoarten wêrfan‘t ⅔ nearne oars foarkomt.
- Dêrtroch it útstjerren fan in grut tal diersoarten, lykas de Noardamerikaanske fluithazze – in soartemint fan hamster – dy’t mei de temperatuerstiging hieltyd heger de bergen ynjage wurdt, oant dy net mear heech genôch binne.
- Amfibyen blike by hegere temperatueren tige kwetsber te wêzen en fetber foar krupsjes. Fan de 110 soarten Amerikaanske beamkikkerts binne al 100 poater!
De Upsala Gletsjer yn Patagoanië, Argentinië yn 1928 (boppe) en 2004 (ûnder).
In wichtige motor fan de Waarme Golfstream, dy’t it klimaat yn Europa beskiedt, is it tusken Grienlân en Noarwegen sakjen fan it út ‘e tropen ôfkomstige wetter dat troch ferdamping sâlter en dêrtroch swierder wurden is. Mei it fuortteien fan mear iis kin dat pikelwetter fertinne wurde en sadwaande net mear oan de reis oer de oseaanboaiem nei de tropen werom begjinne. Yn Europa soe dêrom it klimaat just kâlder wurde kinne. In jiermannich lyn like de krêft fan de Golfstream hurd ôf te nimmen, mar letter die bliken dat der net sekuer genôch metten wie. Op it heden liket it derop dat it effekt mar lyts wêze sil.
In posityf effekt fan klimaatferoaring soe in griene Sahara wêze. Lucht boppe lân waarmet hurder op as boppe wetter. As dy lucht troch útsetting opstiicht, wurdt dampe seelucht oanlutsen. Yn de Sahara soenen sa in protte moessons ûnstean kinne. Modelberekkenings jouwe lykwols gjin ienriedige resultaten. Foar itselde wurdt de Sahel, de oergongssône tusken de Sahara en de tropyske wâlden súdlik dêrfan, droeger.
De goudene podde fan de Monteverde Wolkebosk yn Kosta Rika wurdt meastentiids neamd as earst bekende gefal fan útstjerren troch klimaatferoaring. De fochtige wolkens dêr’t de bosk syn namme oan ûntlient, namen in hegere rûte yn de bergen en dêrtroch droegen de poddepuollen op. De goudene podde stoar út foar de eagen fan ûndersiker Marty Crump. Yn 1987 registrearre hy de lêste pearingsdûns fan hûnderten fan dizze opljochtsjende oranje amfibyen. De wittenskipper telde dêrnei 43.500 útdroegjende en ferrotsjende aaikes en mar 29 donderkopkes yn ‘e opdroegjende puollen. It jier dêrnei wie der noch ien ienlik mantsje, dat in jier letter op 15 maaie 1989 nochris, en no foar it lêst, opdoek. Dêrnei hat nea immen wer in libbene gouden podde sjoen. Sûnt 2004 stiet de goudene podde offisjeel op ‘e list fan útstoarne diersoarten.
Oare kear giet it der noch mear om wei: twa graden.
No related posts.








