In sêfter aard op in sêfte stoel
sneon 26 juny
CAMBRIDGE – As in materiaal, bygelyks hout, gjin kreas trochrinnend oerflak hat, dan neame wy dat materiaal rûch. Datselde wurd brûke wy ek foar it gedrach fan minsken dy’t gjin rekken hâlde mei de gefoelens fan oaren. Men soe sizze dat dy twa betsjuttingen net folle mei-inoar te krijen hawwe, mar ús harsens tinke dêr oars oer. Minsken dy’t krekt rûge puzelstikjes fan skjirpapier yninoar past hawwe, tinke tagelyk oan rûch gedrach en sjogge it gedrach fan oaren ek al gau as rûch.
Rûch of glêd
Dat docht bliken út ûndersyk fan psycholooch Joshua Ackerman (sjoch foto) fan it foaroansteande Amerikaanske ûndersyksynstitút MIT. Ackerman woe wolris witte hoe’t wurden mei ferskillende betsjuttingen inoar beynfloedzje en die allegear ûndersykjes om dêrefter te kommen. It die bliken dat de iene betsjutting tagelyk de oare opropt, sels al hawwe minsken dat sels net yn ‘e rekken.
De proef mei de puzelstikjes liet sjen dat it wurdsje rough (Ingelsk foar ‘rûch’) oproppen waard troch de lispuzel fan skjirpapier. As minsken nei it meitsjen fan de puzel harren oardiel jaan moasten oer in ferhaaltsje dat foarlêzen waard, dan fûnen se faak dat de personaazjes yn dat ferhaal har frijwat rûch holden en droegen. Oare proefpersoanen, dy’t in puzel fan gewoan glêd papier makke hienen, wienen folle positiver oer de personaazjes yn itselde ferhaal.
“Heavy candidate”
Yn it oare proef moasten proefpersoanen fan oare minsken sizze hoe geskikt oft se wienen foar in beskate baan. De proefpersoanen moasten by it útsprekken fan har oardiel in mapke mei in skriuwblok beethâlde. Der wienen twa soarten: ien wie licht en ien woech tige swier. De proefpersoanen mei de swiere map yn ‘e hannen seinen folle faker dat minsken geskikte kandidaten wienen foar de baan as de minsken mei it lichte mapke. It Ingelske wurd heavy betsjut net allinnich swier, mar in heavy candidate is in “geskikte kandidaat”.
Underhannelje op in sêfte stoel
Yn wer in oar eksperimint moasten minsken ûnderhannelje oer de priis fan in auto. Proefpersoanen dy’t op in hurde stoel sieten, wienen ek folle hurder yn it ûnderhanneljen as minsken dy’t op in sêfte stoel sieten. Wat soartgelikens wie te sjen by proefpersoanen dy’t nei in gûcheltrúkje it karakter fan oare minsken beoardielje moasten. Deselden dy’t by it gûcheltrúkje in sêfte bûsdoek yn ‘e hannen hân hienen, wienen folle sêfter yn har oardiel as proefpersoanen dy’t in hurd houten blok beetholden hienen.
Op grûn fan de boppesteande proeven en noch in stikmannich oaren lûkt Ackerman de konklúzje dat ús waarnimmingen wurden oproppe, dy’t dan wer oare betsjuttingen oproppe fan datselde wurd.
Soks hat ek praktyske konsekwinsjes, seit Ackerman. Wa’t in sakebesprek fiert, kin der bygelyks it bêst foar soargje dat de ûnderhannelingspartner op in sêfte stoel sit. Dan ûnderhannelet er minder hurd.
In ferslach fan Ackerman syn ûndersyk is okkerdeis ferskynd yn it tydskrift Science.
Ek sjen:











