It Holdernêst yn De Harkema
snein 27 juny 2010Iepenbiere basisskoalle It Holdernêst yn De Harkema is de earste skoalle yn Achtkarspelen dy’t it sertifikaat ‘Trijetalige skoalle’ krigen hat. It muorreskyld dat boppe de doar fan de skoalle hinget, waard tiisdeitemiddei ûntbleate troch Wethâlder Marten van der Veen. Mei it sertifikaat heart ibs It Holdernêst offisjeel ta it netwurk fan meartalige basisskoallen dy ’t ûnderwiis jouwe yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.
Om de titel ‘Trijetalige skoalle’ fiere te meien, moat in skoalle foldwaan oan in oantal kritearia. Sa moatte de skoares foar taal en rekkenjen boppe of op de lanlike trochsnee wêze en de bern fan de groepen 6 o/m 8 moatte mei goed gefolch meidwaan oan de Anglia-eksamens. Op 17 maaie beoardiele de fisitaasjekommisje Trijetalige Skoallen fan it Taalsintrum Frysk dat ibs ’It Holdernêst’ mear as genôch foldocht oan dizze kritearia.
Sjoerd Groenhof –dy’t destiids út de MR (meisizzenskip) wei it inisjatyf naam om meartaligens op te nimmen yn it skoalplan- bea de skoalle in grutte Fryske flagge oan en in gloednije kaart fan de sân eardere seelannen, dêr’t de Fryske flagge de sân pompeblêden troch krigen hat. It Holdernêst is ien fan de iepenbiere basisskoallen fan Stichting ROOBOL en hat 165 learlingen. It Holdernêst is de 38e skoalle yn Fryslân dy ’t it sertifikaat yn ûntfangst nimme kind hat en de tredde Roobol-skoalle.
De oare ROOBOL-skoallen mei in Trijetalige Skoalle-sertifikaat binne: ibs ‘De Tsjelke’ yn Holwert en ibs ‘Ids Wiersmaskoalle’ yn Brantgum. ‘Lytse Wiman’ yn Twizel, ‘De Balkwar’ yn Koatstertille en ‘De Mienskip’ yn Bûtenpost sitte yn it trajekt om in offisjele Trijetalige Skoalle te wurden. Op de foto de ûntbleating fan it muorreskyldsje boppe de doar fan de skoalle troch wethâlder Marten van der Veen.



Ek sjen:










