Izersterke geitemolke

tongersdei 3 juny 2010

geitemolkeLARAMIE – Amerikaanske wittenskippers hawwe geiten fokt dy’t in hiel bysûndere molke jouwe. Yn de molke sit in aaiwyt dêr’t izersterk en fleksibel materiaal fan makke wurde kin. It is te brûken foar kûgelfrije festen, hechttried, materiaal om skuorde sinen wer oaninoar te setten, keunstbonke foar skansearre tsjeaken en airbags yn auto’s.

It aaiwyt is gelyk oan it materiaal dat spinnen brûke om spinreach fan te meitsjen. Wittenskippers hienen al lang yn ‘e rekken dat spinreach bysûndere eigenskippen hie, mar spinnen meitsje der te min fan en binne net yn groepen te fokken, mei’t se inoar dan deameitsje. It is ûndersiker Randy Lewis fan de universiteit fan Wyoming no slagge om it gen foar it meitsjen fan spinreach yn in geit ûnder te bringen.

Ek sjen:

  1. Spin hat harsens yn de poatsjes PANAMA – In spinnekop is mar lyts. Dêrom slagge guon...
  2. Utstjerrend spintsje ret LONDEN – Wa’t benaud is foar spinnen moat it Feriene...
  3. Deabenaud troch in aaiwyt LA JOLLA – Mûzen hawwe in oanberne eangst foar katten,...
  4. Antykonsepsjepil foar manlju RAMAT GAN – Israelyske wittenskippers binne in antykonsepsjepil foar manlju...
  5. Ensym yn flibe befoarderet genêzing Wûnen yn ’e mûle hielje gauwer as dy op ’e hûd. Biogemikus...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic