Japanske “wiedergutmachung”

sneon 19 juny 2010

SuzukiDe Japanske Anry Sûzûky wit wol hoe’t se de Japanske besetting fan buorlân Sina wer goedmeitsje moat. De kreaze jongfaam hat it op har nommen om mei elke Sineeske studint dy’t dat wol op bêd te krûpen.

Anry, dy’t krekt klear is mei har stúdzje skiednis, seit: “Wy meie net ferjitte wat der yn it ferline bard is. Wy kinne de skiednis net ûngedien meitsje, mar ik wol de pine fan ‘e Sinezen mei myn lichem weinimme. It is in psychologyske kompensaasje yn myn eagen.”

It is de jongfaam opfallen dat Sineeske manlju oer it generaal tige freonlik tsjin har binne.

Ek sjen:

  1. Japanske ekonomy 5 persint groeid
  2. Dokters: tink om Japanske oester
  3. Japanske kredytweardigens omleech
  4. Sina lilk op Japan
  5. Steuring yn Japanske kearnsintrale

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic