Keninginne wennet 6 july 2010 iepeningssesje by fan Euralex 2010

freed 18 juny 2010

imagesCACM7BYX

Har Majesteit de Keninginne is tiisdeitemiddei 6 july oanwêzich by de iepeningssesje fan it ynternasjonale kongres Euralex 2010 yn it World Trade Center yn Ljouwert.

De digitale ferzje fan it Wurdboek fan de Fryske taal wurdt hjirby presintearre. Euralex, European Association for Lexicography, rjochtet him op de ûntwikkeling en bestudearring fan wurdboeken. Tahearders binne ûnder oaren profesjonele leksikografen, útjouwers, ûndersikers en software-ûntwikkelders.  De organisaasje fan it kongres is yn hannen fan de Fryske Akademy yn gearwurking mei it Instituut voor Nederlandse Lexicologie yn Leien.

Ien fan de haadtema’s fan Euralex 2010 is de leksikografyske beskriuwing fan minderheidstalen en net-nasjonale talen. By de iepeningssesje sprekt dr. Sarah Ogilvie, universiteit fan Cambridge, oer ‘Lexicography and Endangered Languages: What Can Europe Learn from the Rest of the World?’

De Fryske Akademy is it sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis oer de provinsje Fryslân, de befolking, taal en kultuer. It is belutsen by de leksikografyske beskriuwing fan de Fryske taal. Soks hat ûnder mear resultearre yn de ûntwikkeling fan it wittenskiplik Wurdboek fan de Fryske Taal. It earste diel is publisearre yn 1984 dat doedestiids troch de Keninginne yn ûntfangst nommen is. Op tiisdei 6 july stelt de Keninginne it wurdboek, dat ûnderwilens út 25 dielen bestiet, online beskikber.

It Instituut voor Nederlandse Lexicologie is in Nederlânsk-Flaamsk wittenskiplik ynstitút dat Nederlânske wurden garret, bestudearret, argivearret en wurdboeken produsearret.

Leksikografy hâldt him dwaande mei de fraach hoe’t wurdynformaasje lykas betsjutting, stavering, útspraak en gebrûk op in ferantwurde en gebrûksfreonlike wize fia wurdboeken tagonklik makke wurde kin.

images euralex

Ek sjen:

  1. Euralex: omtinken foar leksikografy
  2. Wurdboek fan de Fryske Taal online
  3. It INL hat in nije taalsite
  4. Lêste diel Wurdboek fan de Fryske taal
  5. Fryske tsjerketsjinsten 18 july 2010

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic