Krityk op DNB om bankfergunning DSB
tiisdei 29 juny 2010DE HAACH – De Nederlandse Bank (DNB) hie Dirk Scheringa Beheer (DSB) nea in bankfergunning jaan moatten. Dat is de konklúzje fan de kommisje ûnder lieding fan Michiel Scheltema. Minister fan finânsjes Jan Kees de Jager is it mei de kommisje iens.
Direkteur Dirk Scheringa hie te folle macht yn de bank en waard net goed kontrolearre. Fierders naam de bank te grutte risiko’s. DNB hie dêr better op tasjen moatten, sa seit de kommisje.
De kommisje Scheltema docht de oerheid de oanrekommandaasje om de rie fan komsarissen fan banken mear kontrôle te jaan op DNB. Fierders wol er dat de kontrôle op banken faker evaluearre wurdt.
Ek sjen:
- Scheringa komt werom Dirk Scheringa, fan de fallite bank DSB, wurdt wer bankier....
- Nije karriêre foar Dirk Scheringa Dirk Scheringa hat op ’e nij in bedriuw oprjochte: Dirk...
- De Wit: Oerheid wie te sleau DE HAACH – De kommisje De Wit hat hjoed in...
- Sa fêst as de bank? It nije Frysk Hânwurdboek jout as omskriuwing fan in bank:...
- Wylde ferhalen oer DSB De Nederlandsche Bank wol net in reaksje jaan op berjochten...








