LOFAR: ûnbidige radioteleskoop

moandei 14 juny 2010

DWINGELOO – De ryksuniversiteit yn Grins en it stjerrekundich ynstitút ASTRON hawwe dit wykein de grutste radioûntfanger fan ‘e wrâld offisjeel yn gebrûk nommen. De ûntfanger is hûndert kear sa sterk as besteande radioteleskopen. De namme is LOFAR.

LOFAR bestiet út sântûzen antennes, dy’t foar it grutste part op spesjaal opsmiten terpen yn Drinte steane. Yn Fryslân, Grinslân en ek yn it bûtenlân steane ek guon. Se heine sinjalen út de romte op en stjoere dy troch nei it kompjûternetwurk fan de Grinzer universiteit.

Trochdat er safolle sterker is as eardere radioteleskopen, kin LOFAR tige swakke sinjalen opheine. Wittenskippers kinne dy brûke om ûndersyk te dwaan nei de begjintiid fan hielal. LOFAR is ek bysteat om sinnestoarmen oan te kundigjen. Sinnestoarmen kinne tige skealik wêze foar satelliten en foar gefoelige elektroanyske apparatuer.

De bouwers hoopje dat LOFAR ek ûnbekende en ûnferwachte radioweagen opheint, dy’t ús mear oer it hielal fertelle kinne.

Klik hjir om de site fan LOFAR te besjen.

Ek sjen:

  1. Unbidige datadiefstal troch Google
  2. God bestiet net
  3. Unbidige tumor ferwidere
  4. Untspanne is ynspannend
  5. Paus wol knallende god

1 reaksje op “LOFAR: ûnbidige radioteleskoop”


  1. Nynke
    14 juny 2010 22:41

    Er stond vandaag ook een mooi stuk over in de LC. Beatrix schijnt het te hebben geopend.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic