Magneten tsjin Alzheimer
freed 25 juny 2010BRESCIA – De sykte fan Alzheimer wurdt minder slim as de pasjint alle dagen in magneet tsjin ‘e holle hâldt . Dat hawwe Italjaanske ûndersikers ûntdutsen. De ûndersikers, ûnder lieding fan Maria Cotelli fan it Centro San Giovanni yn Brescia, hawwe sjoen oft minsken mei Alzheimer begriepen wat tsjin har sein waard. Oer it generaal hawwe se dêr muoite mei.
In groep Alzheimerpasjinten krige in moanne lang alle wurkdagen 25 minuten in magneet tsjin ‘e foarholle. De groep begriep dêrnei folle better wat oare minsken seinen as in kontrôlegroep, dy’t as plasebo in net-magnetysk dinkje tsjin ‘e holle krige.
In ferslach fan it ûndersyk is publisearre yn it tydskrift Journal of Neurology, Neurosurgery and Psychiatry. Klik hjir om in gearfetting te lêzen.
Ek sjen:








