Manipulearre mûzen bestride kanker
snein 13 juny 2010CAMBRIDGE – Min ofte mear by tafal hawwe Britske ûndersikers in manier fûn om kanker te bestriden. It wie bekend dat in beskaat gen, Bcl11b, derfoar soarge dat it lichem saneamde T-sellen makket. Dat is type wite bloedsellen dat frjemde stoffen yn it lichem ûnskealik makket. It is lykwols net effektyf tsjin kankersellen.
De ûndersikers fan it Wellcome Trust Sanger Institute foar genetysk ûndersyk hienen by mûzen it Bcl11b-gen útskeakele. Dêrtroch makken de mûzen gjin T-sellen mear oan. Ynstee dêrfan begûnen se lykwols in oar type sellen oan te meitsjen. Dy blieken tige effektyf yn it bestriden fan kankersellen, sûnder dat se sûne lichemssellen oantaasten.
Sawol yn mûzen as yn reagearbuiskes wienen de nije sellen yn steat om kankersellen te deadzjen. De ûndersikers wolle no probearje oft se ek by minsken kankersellen bestride kinne.
De ûndersikers dogge ferslach fan harren ûntdekking yn it nijste nûmer fan it tydskrift Science. Klik hjir om in gearfetting te lêzen.
Ek sjen:









