Mear Friezen mei in dripper
tiisdei 29 juny 2010
It tal minsken yn Fryslân mei in geslachtssykte nimt ta. Der binne benammen mear minsken mei in dripper (gonnorroe), glamydia en syfilis.
Dat docht bliken út sifers fan de Stichting Sense Noord Nederland.
Dy stichting test minsken op geslachtssykten en jout foarljochting. Minsken doare mei in geslachtssykte net sa gau nei de húsdokter. Neffens Sense Noord Nederland litte minsken harren faker teste op sokke krupsjes en is it ek faker raak as yn de ôfrûne jierren.
It tal Friezen dat har teste litten hat wie yn 2009 sa’n 14 % mear as yn 2008.
(boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Hast helte Friezen is te grou LJOUWERT – Hast de helte fan alle Friezen fan 19...
- Froulju kinne in dripper rûke NOVOSIBIRSK – Froulju kinne rûke oft manlju de sykte gonorroe...
- Minder seks, mear televyzje KAAPSTÊD – De jongerein yn Súd-Afrika begjint minder te neuken....
- Mear minsken yn bus en trein It iepenbier ferfier yn Fryslân hat yn it earste fearnsjier...
- Net mear fûgels fuorje Fûgelbeskerming Nederlân ropt op om tydlik op te hâlden mei...








