Meldpunt Nederlânske Taal 15 juny online
moandei 14 juny 2010It Nederlânsk feroaret hieltyd, mar oant no ta ûntbriek de mooglikheid foar it publyk – mei-elkoar 23 miljoen ‘ûnderfiningssaakkundigen’ – om dy feroarings earne te melden, anonym of mei namme en tanamme. Op 15 juny komt dêr feroaring yn, want dan sil it Nederlânske Meldpunt Taal (www.meldpunttaal.nl) online. It meldpunt makket de sinjaleminten yn ’e mande mei allegearre besteande taaldatabanken tagonklik foar in breed publyk.
By it Meldpunt Taal kinne jo trije dingen dwaan:
- Sels in taalobservaasje melde. Stel: yn in petear of op radio of tv hearre jo in wurd dat jo noch net koene. Of jo stuitsje al lêzend – yn in boek, krante, tiidskrift of op ynternet – op in opmerklike útdrukking of sinskonstruksje. Of jo sinjalearje dat de útspraak fan guon wurden oan it feroarjen is. Jo kinne dizze observaasjes by it meldpunt sinjalearje.
- Fan alles oer it Nederlânsk opsykje. It meldpunt biedt in hurd oanwaaksende mannichte taaldatabanken. By it lansearjen kin der al socht wurde nei de stavering en de betsjutting fan wurden, nei foarnammen, famyljenammen en plantenammen.
- Meidwaan oan ûndersyk fan taalwittenskippers. By it lansearjen kinne besikers bydrage oan ûndersyk nei fuotbaltaal (û.a. nei de taal fan sportkommentators), deadwaners (‘Wat ite wy? Stek-yn-’e-mûle!’) en nei tefiterboadskippen (nije, jonge wurknimmers dy’t om in plintljedder of in heaskjirre stjoerd wurde).
It Meldpunt Taal is in breed gearwurkingsferbân tusken grutte Nederlânske en Flaamske taalynstellings. Dielnimmers binne:
- Instituut voor Nederlandse Lexicologie
- Meertens Instituut
- Genootschap Onze Taal
- Nederlandse Taalunie
- Van Dale Uitgevers bv
- Stichting Nederlandse Dialecten
- Variaties vzw
Oan it Meldpunt Taal wurdt meiwurke troch studinten en ûndersikers fan ferskate universiteiten (o.a. Leien en Amsterdam). It meldpunt is in idee fan Ewoud Sanders, skriuwer fan in wyklikse taalrubryk yn NRC Handelsblad.

Ek sjen:









