Minderheidstalen yn de media

woansdei 16 juny 2010

DE HAACH – Hoe goed is Nederlân foar syn Frysktalige minderheid? Dat is in fraach dy’t it ministearje fan ûnderwiis de kommende tiid beantwurdzje moat, sa docht de Ljouwerter Krante te witten.

De Nederlânske oerheid hat fan de Rie fan Europa in pear kear in fodskuorring hân mei’t der net folle romte frijmakke wurdt foar it Frysk yn it ûnderwiis en yn de media. It ministearje wol no besjen hoe’t Spanje en Frankryk it Baskysk in plak jouwe yn de media. It sil ek sjen nei de ynspanningen fan Grut-Brittannië foar it Welsh en fan Switserlân foar it Retoromaansk yn de media.

Troch it ûndertekenjen fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen hat De Haach him ferplichte om Frysktalige media te fersoargjen. Dy binne der neffens Europa noch te min. Op basis fan de ferliking mei it bûtenlân sil Nederlân nije tasizzings dwaan. Nei alle gedachten kriget de provinsje Fryslân dan yn in bestjoersôfspraak de taak op it útfierende wurk te dwaan.

Ek sjen:

  1. Minder jild foar Fryske media LJOUWERT – De provinsje Fryslân tinkt deroer nei om de...
  2. IPCC-flater oerdreaun yn de media           Weblog Sargasso rekkenet it nei:...
  3. Sealterfrysk yn de media ...
  4. Konferinsje minderheidstalen Hoefolle wurdt der twittere yn it Frysk? Hoe sjogge Fryske...
  5. Ryk tefreden oer eigen taalbelied DE HAACH – Hast in jier te let hat it...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic