Mineralekrapte bedriget û.o. skiljen
freed 18 juny 2010
Sûnder derby stil te stean, brûke wy se alle dagen: antimoan, beryllium, kobalt, fluoryt, gallium, germanium, grafyt, yndium, magnesium, niobium, tantalium, wolfraam en de metalen fan de platinagroep en de seldsume ierden. Dy grûnstoffen sitte nammentlik yn kompjûters, mobile telefoans, muzykspilers, ensafuorthinne. Mar no konkludearret de Europeeske Kommisje (EK) út ûndersyk dat dy mineralen skielk krap wurde sille. Yn it foarste plak komt dat trochdat hja mar op in stikmannich plakken yn de wrâld fûn wurde: sjoch de kaart. Fierders binne de stoffen behyplik te ferfangen en wurde se amperoan op ’e nij brûkt. De krapte kin stagnaasje feroarsaakje yn produksje en tapassing fan alderhanne heechtechnologyske apparaten. Om swierrichheden foar te kommen, wol de EK politike prikken yn it wurk stelle de tagong ta de natuerlike helpboarnen te bewissigjen, it wergebrûk te ferbetterjen en it sykjen nei ferfangende materialen te stypjen.
Antimoan wurdt ûnder oaren brûkt foar kondinsators yn bygelyks kompjûters
Ek sjen:









