Muzyk is frouljusferlieder
sneon 19 juny 2010
VANNES – Froulju binne folle makliker te fersieren as se krekt nei in leafdesferskes harke hawwe. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Bretonske wittenskippers Nicolas Guéguen en Céline Jacob en harren Paryske kollega Lubomir Lamy.
Troch earder ûndersyk wienen Guéguen en Jacob der al efter kommen dat manlju mear jild útjouwe yn ‘e blommesaak as dêr romantyske muzyk draaid wurdt.
Neutrale muzyk, neutrale man
De ûndersikers woenen ris sjen hoe’t froulju mei sokke muzyk te beynfloedzjen wienen. Se lieten in groep froulju ferskes beoardielje en sochten twa út: “L’heure du thé” as neutraal ferske en “Je l’aime à mourir” as tige romantysken ien. Fierders lieten se froulju in groep manlju op uterlik beoardielje. Se sochten de man út dy’t it neutraalst beoardiele waard: net bysûnder kreas of ûnsjoch.
De neutrale man wurke as hantlanger fan ‘e ûndersikers. Undersykster Jacob noege froulju fan 18-20 jier út om oan in ûndersyk mei te dwaan. Se moasten earst in skoftsje yn ‘e wachtkeamer sitte. Dêr draaide de iene kear it neutrale ferske, de oare kear it romantyske. Dêrnei waard it frommeske yn in keamer noege dêr’t de ûndersykster en de neutrale man sieten. Trijeresom praten se in skoftsje oer it ferskil tusken twa merken itersguod. Op in stuit moast de ûndersykster sabeare efkes fuort. Sa gau as er mei de proefpersoan allinnich wie, besocht de neutrale man om in ôfspraakje mei har te regeljen. Hy brûkte alle kearen safolle mooglik deselde wurden.
52% woe wol in ôfspraakje
De froulju dy’t it romantyske ferske yn ‘e wachtkeamer heard hienen, lieten har folle makliker fersiere as de froulju dy’t it neutrale ferske heard hienen. Fan de earste groep woe mar leafst 52% wol in ôfspraakje mei de neutrale man, wylst mar 28% fan de groep dy’t gjin leafdesferske heard hie ris mei de neutrale man te borreljen woe.
De ûndersikers wolle twa ferklearringen foar de útkomsten ûndersykje. Ien mooglike ferklearring is dat minsken freonliker wurde fan moaie muzyk en dêrtroch flugger ja sizze op in fersyk. In oare ferklearring is dat de froulju troch de romantyske muzyk yn in romantyske stimming kamen en sin krigen oan in aventoerke.
In ferslach fan it ûndersyk is koartlyn ferskynd yn it tydskrift Psychology of Music.
Ek sjen:









Nynke
19 juny 2010 12:49
Dit geloof ik wel. Van muziek kun je echt wel in de stemming komen *lol* Vind trouwens ‘de neutrale man’ wel goed bedacht!