Nederlân-Japan: 1-0

sneon 19 juny 2010

WK2010_Nederlan_JapanDURBAN – It Nederlânsk alvetal hat syn twadde wedstryd yn it WK yn Súd-Afrika ek wûn. Nei de oerwinning op Denemarken makke Oranje tsjin Japan niis 1-0. Wesley Sneijder makke yn de 53e minút it winnende doelpunt. Hy jage de bal fia de hannen fan ‘e doelman ta it doel yn.

Koart foar it einichste fluitsjen soe Ibrahim Afellay der hast in twadden by makke hawwe, mar de Japanske doelman Eiji Kawashima wist de bal út it doel te hâlden.

Ek sjen:

  1. Oranje mei balskoppe yn fearnsfinale
  2. WK: Nederlân ferslacht Brazilië
  3. Ten Rouwelaar yn Oranje
  4. Nederlân – San Marino: 11-0
  5. Nederlân-Uruguay: 3-2

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic