Nije haadredakteur NRC

woansdei 30 juny 2010

PeterVandermeerschROTTERDAM – Peter Vandermeersch (sjoch foto) wurdt de nije haadredakteur fan NRC Handelsblad. Dat hat de krante juster buorkundich makke. Vandermeersch is op it stuit haadredakteur by de Flaamske kranten De Standaard en Het Nieuwsblad. Under syn lieding is  De Standaard útgroeid ta ien fan de bêste kranten fan België.

Vandermeersch (1961) hat skiednis yn Genk, sjoernalistyk yn Parys en politikology oan Harvard studearre. Hy hat jierrenlang as bûtenlânredakteur foar Flaamske kranten wurke. NRC-redaktrise Wubby Luyendijk neamt Vandermeersch “de beste krantenmaker uit België”.

Vandermeersch folget Birgit Donker op, dy’t op 1 july haadredakteur-ôf waard nei in skeel mei de direksje.

Ek sjen:

  1. Donker haadredakteur-ôf ROTTERDAM – Birgit Donker (foto) hat juster dien nommen as...
  2. Nije haadredakteur Omrop Fryslân LJOUWERT – Jan van Friesland (52) fan Minnertsgea wurdt de...
  3. Lytsere redaksje NRC ROTTERDAM – NRC Handelsblad wol de kommende twa jier tritich...
  4. Haadredakteur Beiaard op strjitte fermoarde ZOTTEGEM – Sneontejûn is op in strjitte yn it East-Flaamske...
  5. Nije nûmerplaat yn België BRUSSEL – It Belgyske kenteken, in lyts en min lêsber...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic