Nije haadredakteur Omrop Fryslân

tiisdei 22 juny 2010

Jan_van_FrieslandLJOUWERT – Jan van Friesland (52) fan Minnertsgea wurdt de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân. Van Friesland wennet yn Utert en wurket as sjef binnenlânsk nijs by de NOS yn Hilversum. De beneaming giet yn op 1 septimber 2010.

Van Friesland hat politikology en filosofy studearre oan de Frije Universiteit Amsterdam. Hy wurke by ûnder oare de VARA, VPRO, NPS, RVU en TROS. Hy folget Hans Snijder op dy’t haadredakteur fan ‘e Ljouwerter Krante wurden is. Yn de ôfrûne perioade hat de Omrop in tydlike haadredakteur hân yn de persoan fan Rein Tolsma, earder adjunkt-haadredakteur by de Omrop.

(boarne: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Haadredakteur by Omrop Fryslân
  2. Nije haadredakteur NRC
  3. Nije webside Omrop Fryslân
  4. Nije rige ‘11&30’ op Omrop Fryslân Televyzje
  5. Nij webstee Omrop Fryslân

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic