Rely Jorritsmapriis nei De Schiffart
moandei 21 juny 2010WOMMELS – It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery, besteande út Jitske Kingma (foarsitter), Klaske Jaspers en Doete Venema, fan betinken is dat dit jier ien ferhaal foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komt, en ien ferhaal foar in ‘blyk fan wurdearring’. Der is dit jier net in fers dat foar in priis fan it Fûns yn oanmerking komt, mar oan twa fersen wurdt in ‘blyk fan wurdearring’ takend.
De priis en de bliken fan wurdearring fan it Rely Jorritsma Fûns binne dit jier foar:
-Sipke de Schiffart (Boalsert)
in Rely Jorritsma Fûns-priis foar it ferhaal ‘Leafde nei de dea.’
-Trevor Scarse (Grins)
in blyk fan wurdearring foar it ferhaal ‘Wêr’t earnen fleane.’
-Ate Grypstra (Bûtenpost)
in blyk fan wurdearring foar it fers ‘Hoe’t de dichter dichtsje moat.’
-Jetze de Vries (Harns)
in blyk fan wurdearring foar it fers ‘Swijplicht.’
Sipke de Schiffart hat ek yn 2006 in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn mei in ferhaal.
De oare trije priiswinners hawwe noch net earder in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn.
De Rely Jorritsma Fûns-priis foar in ferhaal bestiet út in jildbedrach fan € 800,-, wylst de priis foar in blyk fan wurdearring foar in ferhaal of in fers goed is foar in bedrach fan € 100,-.
It tal ynstjoerde fersen wie dit jier 19, wylst der 15 ferhalen ynkommen wiene.
Op 2 oktober o.s. wurde, middeis om twa oere, yn de tsjerke yn Bears de prizen fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach útrikt.
Dizze middei – dy’t mei troch de muzyk altyd tige feestlik is – is foar elk frij tagonklik.
Utslach Junior Rely 2010
De útslach fan de Junior Rely wurdt letter bekend makke.
De jongerein fan 12 o/m 18 jier hie 117 bydragen ynstjoerd.
De sjuery foar de Junior Rely wurdt dit jier foarme troch: Auck Peanstra (foarsitter), Ate Grypstra en Jorn van der Schaar.
(boarne: Stjoerder)
Ek sjen:









