Obama kundiget enerzjyrevolúsje oan
woansdei 16 junyWASHINGTON – “De grutste miljeuramp dy’t Amearika ea troffen hat.” Sa neamde presidint Obama it oaljelek yn de Golf fan Meksiko yn syn earste streekrjocht út ‘e Oval Office útstjoerde taspraak. It Amerikaanske folk wurdt ornaris allinnich sa út it offisjele kantoar fan de presidint wei tasprutsen yn bûtenwenstige situaasjes, lykas in nasjonale krisis. Earder hie Obama de oaljeramp al fergelike mei de oanslach op it Wrâld Hannel Sintrum op alve septimber 2001 yn New York. “Op deselde wize as ús fyzje op ús kwetsberens as naasje en ús bûtenlânske polityk yngreven omfoarme waard troch 9/11 sil dizze ramp ús tinkwize oer miljeu en enerzjy de kommende jierren feroarje.”
Obama’s striidplan bestiet yn it foarste plak út it sa gau mooglik beheinen fan de oaljelekkerij, mar hy wiisde derop dat der noch nea yn ‘e skiednis sa’n grut oaljelek op sa’n grutte djipte, oardel kilometer ûnder it see-oerflak, west hat. Dochs kundige hy oan dat meikoarten 90 % fan de oalje opheind wurde sil en fan’t simmer moat de oaljestream fan sa’n 10 miljoen liter oalje deis hielendal hohâlde. Fierders is de grutste miljeuhimmeloperaasje ea fan start gien om oalje op te romjen en te kearen fan de kwetsbere Golfiggen. Der binne al 30.000 minsken en tûzenen boaten warber en Obama mobilisearret 17.000 soldaten. Obama wol dat oaljemaatskippij en feroarsaker fan de ramp BP in grut bedrach op in rekken stoart dy’t troch in ûnôfhinklike organisaasje beheard wurdt. Dêr moat nei dizze “lêste klap yn desenniums fan efterútbuorkjen fan it miljeu” de útfiering fan in langjierrich plan fan betelle wurde om de “unike skientme en rykdom” (“unique beauty and bounty”) fan de krite te restaurearjen. Yn it tredde plak mei sa’n ramp fan Obama nea wer barre. Hy hie bûtengats boarjen allinnich ûnder strange betingsten op it mêd fan feiligens tastien, mar dêr is yn dit gefal dúdlik net oan foldien. Om alles earst goed op in rychje sette te kinnen, binne sokke aktiviteiten it earste healjier alhiel ferbean. Obama sil ek regaad hâlde yn it oerheidsdepartemint foar minerale grûnstoffen, dat er plan-út “korrupt” neamt en dat yn stee fan in partner fan de oaljebedriuwen wer in “hiemdogge” wurde moat, dy’t goed tafersjoch hâldt.

De twadde helte fan syn taspraak brûkte Obama om de ramp yn in breder perspektyf te pleatsen. Hy wiisde der nochris op dat er yn syn ferkiezingskampanje it enerzjyfraachstik al op it aljemint brocht hat. Mei omdat de Feriene Steaten mear as 20 % fan de oalje yn ‘e wrâld konsumearje en der mar 2 % fan de wrâldfoarrie yn harren grûn sit, boarje se no yn sok djip wetter. “Foar desenniums witte we al dat de dagen fan goedkeape en maklik te berikken oalje teld binne. Foar desenniums hawwe we al redendield oer it beëinigjen fan de Amerikaanske ferslaving oan fossile brânje. En foar desenniums ha we it net oprêden en pak troch. It trochavesearjen is hieltyd wer tsjinaksele troch lobbyisten fan de oalje-yndustry mar ek tebekholden troch brekme oan politike moed en oprjochtens. De gefolgen fan dy sleauwens wurde no dúdlik sichtber. Lannen as Sina ynvestearje yn banen yn ‘e skjinne enerzjy dy’t hjir yn Amearika wêze moatten hienen. Alle dagen wer stjoere we in miljard fan ús rykdom nei it bûtenlân foar grûnstoffen. Hjoed, as we nei de Golf sjogge, sjogge we dat in hiele wize fan bestean faai stiet troch in driigjende wolken fan swarte oalje. Wy kinne ús bern sa’n takomst net ynstjoere. De trageedzje oan ús kust bringt ús pynlik en krêftich yn it sin dat it no de tiid is om in takomst mei skjinne enerzjy te omearmjen.” Dat moat in nasjonale missy wurde, sei Obama. De oergong nei nije enerzjy sil wat kostje, mar de Amerikanen kinne it harren net feroarloovje dêr net yn te ynvestearjen want it sil yn in nije opgeande tiid miljoenen banen kreëarje. “Mar allinnich as we faasje sette efter de oergong, allinnich as we it momint gripe en allinnich as we it mei-elkoar dogge.” Obama wol inisjativen fan alle kanten serieus hifkje. Mar, sa warskôge er: “De iennichste wurkwize dy’t ik net akseptearje is stilsitte. It iennichste andert dêr’t ik my net yn fine kin, is it idee dat dizze útdaging te grut en te dreech is om oan te gean.”
Ek sjen:











