Obama lulk op generaal
woansdei 23 juny 2010WASHINGTON – Generaal Stanley McChrystal, de heechste kommandant fan de Amerikaanske troepen yn Afganistan, hat dien nommen. Reden dêrfoar wie in skerpe reaksje fan presidint Obama. McChrystal en syn militêre stêf hienen nammentlik yn in fraachpetear mei it tydskrift ‘Rolling Stone’ krityk jûn op de polityk fan Obama.
Nei it lêzen fan it artikel, yn it tydskrift dat pas freed ferskine sil, wie Obama lulk. Hy easke fuortdaliks fan McChrystal om him te melden yn it Wite Hûs. Hjoed hat Obama mei McChrystal yn petear west.
Yn it artikel wurdt de Amerikaanske fise-presidint Joe Biden troch McChrystal Joe ‘Bite me’ neamd.
McChrystal foel Obama net direkt oan. De skriuwer fan it artikel skriuwt dat McChrystal en Obama by in earste gearkomste net ta ienriedigens komme koenen. Neffens oanwêzigen by dy gearkomste wie McChrystal fan betinken dat Obama him ‘ûngemaklik en yntimidearre’ fielde yn in keamer fol mei hege militêren, sa stiet skreaun yn it artikel.
Neffens it artikel yn de Rolling Stone sei in militêr adviseur oer it earste ien-op-ienpetear tusken McChrystal en Obama dat it net mear wie as in ‘fotosessy fan tsien minuten’. Yn it artikel stiet ek dat Obama, neffens McChrystal en syn stêf, net goed taret wie op it petear.
McChrystal en syn militêre stêf hienen los fan Obama en Biden ek krityk op oare sivile topfunksjonarissen.
Obama neamde de útspraken fan McChrystal ‘in min oardiel’ en woe ‘earst mei him prate’. Troch topfunksjonarissen fan Obama binne ferskillende útspraken dien oer hoe’t it no fierder komt mei de generaal.
Juster sei McChrystal yn in ferklearring dat it him tige spiet. Hy hie net mei krityk komme moatten en it wie ferkeard om sa min te oardieljen.
Ek sjen:








