Oer pear jier is kanker te bestriden

tongersdei 3 juny 2010

sunens2ROTTERDAM – Oer tsien jier is it mooglik om ferskate soarten kanker foar te kommen mei faksins. It giet ûnder oaren om boarstkanker en limoerhalskanker. Dat sizze John Haanen en Cees Melief, twa foaroansteande Nederlânske onkologen yn it Algemeen Dagblad. Door de vaccinaties zullen veel minder mensen overlijden aan de ziekte dan nu. Troch de faksinaasjes sille folle minder minsken ferstjerre as no it gefal is.

Haanen en Melief ferwachtsje dat de wittenskip oer in pear jier neigean kin op hokker foarmen fan kanker oft by minsken risiko bestiet. Dêr soenen se dan foar inte wurde kinne. De beskerming duorret in libben lang en men hat der amper lêst fan.

De inting soarget derfoar dat it lichem antystoffen oanmakket dy’t de foarming fan kankersellen tsjingiet. It is itselde prinsipe dat no brûkt wurdt om sykten lykas de pokken, polio en kinkhoast foar te kommen.

Der wurde op it stuit ek middels makke om kanker te genêzen. Dêr sille de kommende jierren ek mear fan ûntwikkele wurde.

Ek sjen:

  1. Mear kanker troch ôfsûgjen
  2. Jirpelsalade tsjin kanker
  3. Kanker bestride mei salmonella
  4. Manipulearre mûzen bestride kanker
  5. Oarsaak kanker ûntdutsen

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic