Oranje mei balskoppe yn fearnsfinale

moandei 28 juny 2010

WK_Ned_SlowakijeDURBAN – De Nederlânske balskoppers hawwe Slowakije ferslein en geane dêrom troch nei de fearnsfinale. Oranje wûn yn Durban mei 2-1.

Arjen Robben begûn foar it earste yn ‘e basis en it soe al ringen bliken dwaan dat er wat hie om by te setten. Nei in gefaarlike oanfal fan Erik Jendricek foar Slowakije waard Oranje dochs rillegau master fan de wedstriid: Robin van Persie die in moaie oanfal mei in kopbal en Wesley Sneijder kaam wat krêft tekoart, mar úteinlik slagge it Sneijder om Robben in bal ta te spyljen dy’t lyk yn it hok bedarre.

Dêrnei wie it tempo der wat út en it kaam pas nei it skoft wer werom. Robben en Joris Mathijsen dienen in raam op it doel, mar de Slowaakske doelman wist de ballen te kearen.

Yn it lêste kertier die Slowakije ynienen twa oanfallen. Dy dienen lykwols gjin fertuten troch de betûftens fan Maarten Stekelenburg. Koart foar it einichste fluitsjen brocht Dirk Kuijt de bal by Wesley Sneijder, dy’t de foarsprong fan Oranje op twa punten brocht.

Nei in strafskop makken de Slowaken yn de lêste sekonde ek noch in doelpunt.

Ek sjen:

  1. WK: Nederlân ferslacht Brazilië
  2. Nederlân-Uruguay: 3-2
  3. Nederlân-Japan: 1-0
  4. Nederlân – San Marino: 11-0
  5. Oranje wint noch krekt fan Kameroen

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic