Oranje wint noch krekt fan Kameroen

tongersdei 24 juny 2010

KAAPSTÊD – It hie derfan dat de fuotbalwedstryd tusken Kameroen en Nederlân op it WK op kamp útrinne soe. De Nederlânske manlju begûnen yn de 36e minút goed doe’t Robin van Persie nei in frije traap fan Johnny Heitinga it earste doelpunt makke. Mei winst gong Oranje it skoft yn. Yn de 65e minút makke Samuel Eto’o der foar Kameroen lykspul fan. Nei in oanfallende twadde helte makke Klaas-Jan Huntelaar der doe yn de 82e minút dochs noch winst foar syn ploech fan.

Nederlân hat alle trije wedstriden yn syn groep wûn en giet troch nei de folgjende omgong. Wint Nederlân syn folgjende wedstryd, dan kinne de mannen troch nei de fearnsfinale.

Ek sjen:

  1. Hearrenfean wint yn Berlyn Fuotbalklup It Hearrenfean hat mei 0-1 fan Hertha BSC yn...
  2. Nederlân – San Marino: 11-0 EINDHOVEN – It Nederlânsk fuotbalalvetal hat freedtejûn yn Eindhoven fan...
  3. Oranje mei balskoppe yn fearnsfinale DURBAN – De Nederlânske balskoppers hawwe Slowakije ferslein en geane...
  4. Ten Rouwelaar yn Oranje BREDA – Yn de seleksje foar it Nederlânsk fuotbalalvetal sit...
  5. Feyenoord wint wer ris ROTTERDAM – Feyenoord hat foar it earst yn twa moanne...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic