Pasta tichtet gatsjes yn tosk

woansdei 30 juny 2010

toskenSTRAATSBURCH – Frânske wittenskippers binne dwaande mei in alternatyf foar de follings yn tosken en kiezzen. Se hawwe in pasta ûntwikkele dy’t tosken derta oanset om sels lytse gatsjes te tichtsjen.

“It is gjin toskboarstlersguod dat gatsjes tefoaren komt,” seit Nadia Benkirane-Jessel, ien fan ‘e ûndersikers. “Wy besykje om besteande gatsjes te reparearjen.”

De earste eksperiminten mei de nije pasta ûnthjitte in soad: yn in moanne tiid hienen tosken dy’t dermei behannele waarden sels harren gatsjes wer ticht makke.

De pasta wurdt op ‘e tosk oanbrocht. Der sitte saneamde peptiden yn. In tosk bestiet út libbene sellen. Dy hawwe al it fermogen om skansearringen op te meitsjen, mar in gatsje is meastal te grut. De peptiden litte de sellen hurder wurkje. Yn guon gefallen slagget it dan wol en krij it gatsje ticht.

Mei deselde stof dy’t yn de pasta sit, wurde ek al in skoftlang proeven dien om brutsen bonken flugger wer oanwaakse te litten.

Ek sjen:

  1. Nije pasta makket stikkene tosken op LEEDS – Tosken boarje en folje litte by de toskedokter...
  2. Sinnebaaie foar sterke tosken SAN FRANCISCO – It is tûk en skoarskje jin geregeldwei...
  3. Flugger rjochte tosken mei trilbûgel HOUSTON – Wa’t brike tosken hat, moat gauris in bûgel....
  4. Ninja-medisyn tsjin kanker TOKYO – Japan is it lân fan de ninja’s, stoere...
  5. Sperma tsjin sûkersykte WASHINGTON – Amerikaanske wittenskippers hawwe in manier ûntdutsen om sûkersykte...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic