Paus kin yn Amearika ferfolge wurde

tiisdei 29 juny 2010

WASHINGTON – Yn Amearika wurdt it mooglik om lieders fan de roomsk-katolike tsjerke foar it stekje te daagjen. Dat jildt ek foar de paus. It heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten hat dat moandei mooglik makke.

In rjochtbank dy’t in gefal fan berneknoeierij troch in roomske preester behannele, woe Amerikaanske tsjerkelieders foarroppe. It Fatikaan berôp him doe op ‘e ûnskeinberens fan syn wurknimmers, mei as argumint dat sy as fertsjintwurdigers fan de Hillige Stoel ûnskeinber wienen. De rjochtbank wie fan betinken dat dat net altyd opgie. It heechgerjochtshof hie deselde miening.

Ferskate tsjerkelieders yn de Feriene Steaten wurde derfan beskuldige dat se pedofile preesters holpen hawwe om út ‘e hannen fan justysje te bliuwen.

Ek sjen:

  1. Paus gûlt om bernemisbrûk Paus Joseph Ratzinger hat fan ‘t wykein op Malta mei...
  2. Paus yn Londen seit sorry LONDEN – Fan ‘e middei hawwe yn Londen tûzenen minsken...
  3. Britten ferkleie paus Twa Britten binne fan doel om de paus te ferkleien...
  4. Foto’s Osama Bin Laden wurde grif iepenbier WASHINGTON – De Feriene Steaten sil de foto’s wis wol...
  5. Tsjerklik misbrûk struktureel De roomsk-katolike tsjerke hie saneamde ‘fixers’ yn tsjinst. Harren taak...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic