Pil foar de eangst

snein 6 juny 2010

SAN JUAN – Amerikaanske ûndersikers besykje in medisyn tsjin trauma’s en fobyen te meitsjen. De universiteit fan Puerto Rico hat in middel ûntdutsen dat bange assosjaasjes ferminderet. Undersiker Gregory Quirk en syn kollega’s hawwe rotten deroan wenne litten dat se by it hearren fan bepaalde muzyk in aaklike elektryske skok krigen. As se de muzyk mar hearden, waarden se al deabenaud, sels as der dan net in skok kaam. Nei behanneling mei it stofke wie de benaudens foar de muzyk folle minder wurden.

De ûndersikers hawwe ferslach dien fan har ûntdekking yn it tydskrift Science.

Ek sjen:

  1. Deabenaud troch in aaiwyt
  2. Eangst liket op geniet
  3. Nea bang troch harsenskea
  4. Eangst yn Yslân: nije fulkaanútb.
  5. Gjin skea by ierdskok Japan

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic