Polityk begjin Oerol

snein 13 juny 2010

SKYLGE – De iepening fan it Oerolfestival op Skylge hie freed in polityk kleurke. De grutte winners fan de ferkiezings, de VVD en de PVV, wolle drastysk besunigje op keunst en kultuer. Om foar it Oerolfestival op te kommen waard in manifest yn dichtfoarm oanbean oan Twadde-Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet.

Verbeet sil mei it manifest nei de fraksjefoarsitters. Se sil dêrmei de wearde fan keunsten yn it algemien en Oerol yn it bysûnder oan te jaan.

Hjirre kin men it manifest ûnderskriuwe.

(tekst: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Oerol yn teken fan lûd
  2. Grutte brân op Skylge
  3. Europeesk jild foar Oerol
  4. De Wit: Oerheid wie te sleau
  5. Ynjebetinking yn Roermond

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic