Proses oer literariteit thrillers
tiisdei 15 juny 2010
ARNHIM – Fan ‘e middei tsjinnet yn Arnhim it proses dat skriuwer Jac Toes oanspand hat tsjin it Nederlands Letterenfonds, foarhinne it Fonds voor de Letteren. Skriuwers kinne by it fûns in wurkbeurs oanfreegje foar it skriuwen fan in boek of bygelyks it meitsjen fan in stúdzjereis.
Toes is skriuwer fan misdiedromans en hat in stipe-oanfraach by it fûns dien foar it skriuwen fan in misdiedroman. Dy oanfraach waard ôfwiisd om’t syn earder wurk “geen literaire kwaliteit” hawwe soe. Neffens Toes wurde skriuwers fan misdiedromans struktureel útsletten fan subsydzje. Dat soe diskriminaasje wêze.
Toes syn boek Kunst zonder genade waard yn 2008 nominearre foar de Gouden Strop, de wichtichste Nederlânske priis foar misdiedliteratuer.
Ek sjen:
- Gjin Oerol yn New york Der is net genôch subsydzje om in teaterfestival te hâlden...
- NHM yn Amsterdamske tsjerke DE HAACH – It Nasjonaal Histoarysk Museum (NHM) komt net...
- Belgyske taakstraf: boek lêze DENDERMONDE – Lês it boek Tonio fan de Nederlânske skriuwer A.F.Th....
- Libris Literatuurprijs foar Dewulf AMSTERDAM – Bernard Dewulf hat de Libris Literatuurprijs 2010 wûn...
- Skriuwer Heere Heeresma ferstoarn LAREN – De bekende Nederlânske skriuwer Heere Heeresma is sneintemoarn...








