Puzelstikjes as medisyn
woansdei 16 juny 2010GRINS – It blykt mooglik en meitsje lytse stikjes plestik dy’t sykteferwekkers en fergif yn it lichem opsykje en ûnskealik meitsje. Dat skriuwt in groep wittenskippers nei oanlieding fan resint ûndersyk oan ferskillende Nederlânske en bûtenlânske ynstituten.
Sûnt koarten is nanotechnology tige populêr yn de wittenskip. Nanotechnology is it meitsjen fan dieltsjes fan likernôch in tûzenstepart fan in millimeter. Yn de medyske wittenskip binne der al ferskillende tapassings foar. Mei nanotechnology hawwe wittenskippers no petiterige plestiken dinkjes makke dy’t it lichem klinzgje fan fergif.
De wittenskippers hawwe mûzen in ynjeksje jûn mei in grutte doasis bijefergif. Ornaris is dat deadlik. De wittenskippers hienen lykwols mei nanotechnology lytse stikjes plestik makke mei gatsjes deryn dêr’t de gifdieltsjes as puzelstikjes yn pasten (sjoch de foto). In part fan de fergiftige mûzen krige fuort nei de gifspuit ek in ynjeksje mei de plestikdieltsjes. Yn dy groep mûzen wienen folle mear dy’t de fergiftiging oerlibben.
De ûndersikers hawwe ferslach dien fan de nije ûntjouwingen yn it tydskrift Journal of the American Chemical Society. Se ferwachtsje dat de technyk skielk ek te brûken is foar it bestriden fan allergyen, besmettings mei baktearjes, firussykten en fergiftiging mei in grut ferskaat oan stoffen.
Ek sjen:








