Rabobank keart huorrefakbûn bûten

tongersdei 24 juny 2010

huorren_AmsterdamAMSTERDAM – De Rabobank wol it huorrefakbûn Vakwerk gjin bankrekken jaan. Huorrefoaroanfrou Metje Blaak woe by in Amsterdamsk kantoar in rekken iepenje, mar kaam foar de winige doar. De Rabobank woe neffens Blaak net yn ferbân brocht wurde mei de huorren en snuorren dy’t harren kontribúsje by de bank stoarte soenen. Metje Blaak, dy’t sels ek jierrenlang in winkeltsje ûnder de skelk hân hat, is misledige. Se lit yn har omgean en tsjinje in klacht yn by de kommisje likense behanneling yn Utert.

Ek sjen:

  1. Rabobank en de hûzepriis
  2. Wylde ferhalen oer DSB
  3. Rabobank: ekonomy betteret stadich
  4. Pieter Weening ferlit Rabobank
  5. Brêgewipper keart motorplysje

2 reaksjes op “Rabobank keart huorrefakbûn bûten”


  1. pizzabakker
    25 juny 2010 01:15

    Huorre, huorre, huorre! De baarch is yn ‘e skuorre!
    Dêr moast ik efkes oan tinke.


  2. Ee7
    25 juny 2010 12:17

    Huorre, ja dat kin ik ek noch wol. Kinne jim ek it wurd kuos om bargen te roppen?

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic