Reykjavik kiest komike boargemaster

moandei 7 juny 2010

REYKJAVIK – Wa’t leaude dat it grutte tal stimmen op de deade Pim Fortuyn in treurich djiptepunt wie yn de skiednis fan de demokrasy, kin syn hert ophelje oan Iislân. De nije boargemaster fan Reykjavik is nammentlik de 43-jierrige komyk Jón Gnarr Kristinsson. Op Iislân wurde boargemasters direkt troch it folk keazen.

Kristinsson is foaroanman fan de bêste partij, in politike partij dy’t him profilearret mei programmapunten as: swimbaden moatte fergees handoeken útliene, de pleatslike bistetún moat in nije iisbear hawwe en de pleastlike meubelsaak Ikea moat berne-opfang krije.

De stimmen op Kristinsson binne nei alle gedachten foar in grut part stimmen dy’t de ûnfrede op Iislân oanjouwe. Troch de bankkrisis en de fulkaanútboarstings hat it eilân it ekonomysk tige swier.

Kristinsson is sûnt 1944 de earste net-sosjalistyske boargemaster fan Reykjavik.JonGnarr

Ek sjen:

  1. Sabeare-Ikea yn Sina
  2. Bomoanslach op Ikea ferhindere
  3. Elk koe meiprate oer de Iislanner grûnwet
  4. SSW-boargemaster yn Flensburch
  5. Tytsjerksteradiel hat boargemaster

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic