Rosenthal wol twa ynformateurs

freed 25 juny 2010

UriRosenthalDE HAACH – Ynformateur Uri Rosenthal hat keninginne Beatrix advisearre om twa ynformateurs te beneamen: ien fan ‘e VVD en ien fan ‘e PvdA. Rosenthal is fan betinken dat dy twa partijen yn alle gefallen yn it nije regear thúshearre.

De keninginne hat hjoed mei de fraksjefoarsitters fan de beide partijen praat en ek mei dy fan CDA, Grien Links en D66. De nije ynformateurs moatte útsykje út hokker kombinaasjes fan dy fiif partijen in wurkber regear gearstald wurde kin.

Mark Rutte fan de VVD, de grutste partij, wol it leafst in regear op basis fan VVD-PvdA-CDA, mar slút dielname fan D66 en/of Grien Links net mear út as dat de PvdA oer de streek hellet.

It CDA stiet net te trappeljen om wer te regearjen, mar as der sûnder de kristen-demokraten gjin koalysje mooglik is, is de partij neffens fraksjefoarsitter Maxime Verhagen ree om diel út te meitsjen fan it regear.

Emile Roemer fan de SP fynt it spitich dat er net útnoege is om mei te praten. Geert Wilders fan de PVV bearde dat it “schandalig” wie dat er net meiprate mocht.

Ek sjen:

  1. Rosenthal en Wallage ynformateurs DE HAACH – Ynformateur Herman Tjeenk Willink hat keninginne Beatrix...
  2. Uri Rosenthal ynformateur DE HAACH – Keninginne Beatrix hat perfester Uri Rosenthal (sjoch...
  3. PVV fierwei de populêrste partij DE HAACH – Neffens peilings fan Maurice de Hond op...
  4. Alternatyf regearakkoart SP DE HAACH – In kabinet fan PvdA, CDA, SP en...
  5. Belgyske formaasje wer faai BRUSSEL – De Nieuw-Vlaamse Alliantie (N-VA) fan Bart de Wever...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic