Schotanus wint Sulveren Spjelde

sneon 5 juny 2010

JanSchotanusDE GORDYK – Skriuwer Jan Schotanus (sjoch foto) hat freedtemiddei de Sulveren Spjelde 2010 wûn foar syn boek Bor en de boef.

De priis wurdt útrikt troch de berneboekesjuery, dy’t bestiet út sa’n seishûndert Fryske bern.

De berneboekesjuery is in inisjatyf fan de stifting It Fryske Berneboek. Under tafersjoch fan de stifting kinne bern alle jierren stimme foar harren favoryt Frysk berneboek.

De oare boeken dêr’t de bern út kieze koenen, wienen De fûgelklup fan Thys Wadman, It geheim fan it taalfabryk fan Mindert Wijnstra en De ridder fan Oei van Lida Dykstra.

Ek sjen:

  1. Wopkje de Jong wint Sulveren Twicht
  2. Julian Barnes wint Man Booker Prize
  3. Moanne fan it Fryske boek 2011
  4. Nominaasjes NS-Publieksprijs bekend
  5. Krûpelhintsjes boek fan it jier

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic