Sina skewielt wrâldekonomy
tiisdei 22 juny 2010
PEKING – It liket de wrâld op syn kop: Sina, koartlyn noch in ûntwikkelingslân, skuort de westerske ekonomyen út ‘e bedelte wei. It Sineeske regear hat besletten om de yuan, de Sineeske munt, yn wearde stige te litten neffens de dollar. Sine hold dy koerts keunstmjittich leech om Sineeske produkten foar it bûtenlân goedkeap te hâlden. Dêrtroch koe Sina him yn koarte tiid ta in wichtich eksportlân ûntjaan. Troch de wat djurdere yuan kinne Sinezen goedkeaper saken yn it bûtenlân oantuge. De goed in miljard Sinezen kinne de westerske ekonomy op dy manier gâns in triuw nei boppen jaan.
Ek sjen:
- Sina fertrout de ekonomy fan de F.S De Sineeske fise-presedint Xi hat freed syn fertrouwen útsprutsen oer...
- Sina wol Europa op betingst stypje LONDEN – As de Europeeske lannen ree binne om tige...
- Sina yn it hielal Doe’t Sina yn 2007 in anty-satellyt raket teste, wie it...
- Sina stipet Grykske ekonomy PEKING – Sina sil Grykske steatsobligaasjes keapje sa gau as...
- `Rivier´ is no in taboewurd yn Sina PEKING – Sinezen mei fluviale ynteresses hawwe it smoar yn:...








