Stim ferriedt spiersterkens
woansdei 16 juny 2010
SANTA BARBARA – Oan in man syn stim is te hearren hoe spiersterk oft er is. Dat hat de Amerikaanske psycholooch Aaron Sell fan de universiteit fan Kalifornië ûntdutsen. Hy hat manlju út ferskillende lannen in koart sintsje ynsprekke litten en syn studinten doe frege om op basis fan de stim te skatten hoe sterk oft de sprekker wie. De studinten moasten de spiersterkens oanjaan mei in sifer tusken 1 en 7. De ynskattingen kamen hiel goed oerien mei de echte krêft fan de ynsprekkers.
Wat it is yn it manljuslûd dat ynformaasje jout oer syn krêft is net dúdlik. It is yn alle gefallen net de toanhichte, hat Sell fêststelle kinnen.
In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it ynternettydskrift Proceedings of the Royal Society. Klik hjir om it te lêzen.
Ek sjen:
- Pineholle as priis foar in gouden stim BOLOGNA – Carlo Broschi is faaks de ferneamdste musikus fan...
- Drang is nominearre: stim no! “Drang” is nominearre foar de lanlike Toneel Publieksprijs. Om de...
- Frou hâldt fan bromstim CAMBRIDGE – Memmen hâlde fan manlju mei in hege stim....
- Spuitbus ferriedt kankersellen TOKIO – In spuitbus dy’t ferriedt wêr’t kanker sit. It...
- Jackie Evancho hat in stim as in dyk Amercia’s Got Talent hat foar nije sensaasje soarge. Earst Suson...








