Taalefterstân troch Hollânsk praten

freed 4 juny 2010

bernROTTERDAM – Heiten en memmen kinne harren bern al tariede op skoalle troch foar te lêzen, ferhalen te fertelen en mei de bern te diskusjearjen. It makket dêrby net út yn hokker taal oft dat bart. De úteinlike behearsking fan it Nederlânsk hat net sa folle te krijen mei de memmetaal fan de bern, mar wol mei it nivo dêryn. Bern hawwe ferlet fan taal op heech nivo.

It boppesteande docht bliken út ûndersyk fan pedagoge Anna Scheele, dy’t nije wike freed op har ûndersyk promovearret oan de universiteit fan Utert. As de âlden it Nederlânsk net goed yn ‘e macht hawwe, kinne se it bêst de taal brûke dêr’t se har it bêste yn uterje kinne. Op dy manier krije de bern it bêst mooglike taaloanbod.

Frou Scheele woe witte wat no krekt de taalefterstannen by ymmigrantebern feroarsaket. Marokkaanske en Turkske bern hawwe nammentlik gauris in taalefterstân en dy reitsje se lang net altyd wer kwyt.

Scheele is net entûsjast oer de plannen fan de minister fan yntegraasje Eberhard van der Laan. Dy wol dat bûtenlânske bern ferplichte ekstra lessen Nederlânsk folgje. Dat soe taalefterstannen út de wei helpe moatte. “Het nut daarvan is vooralsnog niet vastgesteld,” seit frou Scheele. “Je zou eerder kunnen pleiten voor een training voor ouders die het taalniveau en taalaanbod omhoog brengt.”

Sa’n trening kin derop rjochte wêze om âlden fertroud te meitsjen mei foarlêzen, ferskes sjongen en praten oer de dingen fan ‘e dei. “Ook dat is abstract, en brengt het taalniveau omhoog,” seit Scheele.

Alden dy’t it Nederlânsk net goed yn ‘e macht hawwe, kinne dy taal better net tsjin de bern prate. Dat kin sels kontraproduktyf wêze, seit de ûndersykster.

Yn Fryslân komt it ek gauris foar dat Frysktalige âlden harren bern yn breklik Nederlânsk grutbringe. It soe yn it belang fan it bern wêze om gewoan Frysk yn ‘e hûs te praten en dat Frysk op in sa heech mooglik nivo te bringen. It probleem dat bygelyks yn it gefal fan it Berber spilet, nammentlik dat der amper boeken yn dy taal te krijen binne, spilet foar it Frysk gjin rol. Der is in ûnbidich ferskaat oan boeken foar bern fan alle leeftiden.

Ek sjen:

  1. Machtsgefoel troch mei leech lûd te praten
  2. Hollânsk gjin wittenskipstaal mear
  3. Pjutteliedsters kenne amper Hollânsk
  4. It makket net út al dat Nederlânsk
  5. Rotterdamske liedsters kenne amper Hollânsk

2 reaksjes op “Taalefterstân troch Hollânsk praten”


  1. Geeske Krol
    4 juny 2010 16:02

    Sjoen de útkomst fan dit ûndersyk kin it plan dat demisjonér steatssekretaris van Bijsterveld op in CDA gearkomste nei foaren brocht hat negatyf útpakke foaral foar dy húshâldings dê’r âlden in bûtenlânske taal it bêst behearskje.
    Neffens dit plan moatte âlden yn de takomst in saneamd skoalkontrakt ûndertekenje dêr’t se fan wjerskanten harren ferantwurdelikheid foar de opfieding yn fêstlizze. Yn sa,n kontraktsoen âlden dan bygelyks belove moatte dat der thús Nederlânsk sprutsen wurdt.
    Mei sa’n kontrakt oer de taal soe dan krekt net berikt wurde wat men berikke wol.
    Boppedat soe it foar it Frysk en oare streektalen yn Nederlân
    funest wêze en yn striid mei it Europeesk Hânfest foar regionale en Minderheidstalen.


  2. Ee7
    4 juny 2010 16:11

    Tige grizelich, wat Bijsterveld wol.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic