Tafal

sneon 12 juny 2010

Juster wie ik yn de grutte stêd.
Ik tocht op in stuit dat ik mar even myn hannen waskje moast. By de Hema dan mar.
Ik soe der krekt wer útrinne doe’t Dory, dy’t fjouwer jier lyn by my yn ’e strjitte wenne, foar myn noas stie te stammerjen. “Klas… eh…Klas… eh Klaske woe ‘k ha!”
Sy socht in winkel dêr’t ik in heal oere lyn foarby rûn wie.
Yn Brussel hearde in man in skreau. Hy tocht net nei, mar stuts syn hannen út. Sa koe er in famke fan fjouwer opfange dy’t fan tweintich meter hichte nei ûnderen foel.
Tafal bestiet.
Kinst deroan foarby gean, mar kinst ek eagen en earen iepenhâlde en dyn hannen útstekke.
En dy deroer fernuverje dat it wurket.
Sjoch ek: Stellen brief fan Descartes werfûn.

Klaske Hiemstra

IMGP5992

Ek sjen:

  1. Gedicht: Tiid
  2. Emansipaasje
  3. Frijheid
  4. Roppich
  5. Chopin

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic