Tjeenk Willink ynformateur
sneon 26 juny 2010
DE HAACH – Keninginne Beatrix hat Herman Tjeenk Willink as ynformateur beneamd. Tjeenk Willink is is fise-foarsitter fan de Rie fan Steat, dêr’t Beatrix foarsitter fan is. As belangrykste adviseur fan de keninginne wurdt er wol as “ûnderkening fan Nederlân” oantsjut.
Mei de beneaming fan Tjeenk Willink as ynformateur negearret de keninginne it advys fan de foarige ynformateur, Uri Rosenthal, om twa ynformateurs te beneamen: ien fan de PvdA en ien fan de VVD. Hoewol’t Tjeenk Willink foar de PvdA yn ‘e Earste Keamer sitten hat, beklammet er dat er yn syn taak as ynformateur partijneutraal is. Tjeenk Willink sil net ien spesifike koalysje ûndersykje, mar giet fierder mei it hifkjen fan de fraksjefoarsitters oer de marzjes dêr’t se binnen ûnderhannelje wolle.
Ek sjen:
- Tjeenk Willink ynformateur AMSTERDAM – Keninginne Beatrix hat Herman Tjeenk Willink fannijs beneamd...
- Rosenthal en Wallage ynformateurs DE HAACH – Ynformateur Herman Tjeenk Willink hat keninginne Beatrix...
- Uri Rosenthal ynformateur DE HAACH – Keninginne Beatrix hat perfester Uri Rosenthal (sjoch...
- Opstelten wer ynformateur DE HAACH – Keninginne Beatrix hat Ivo Opstelten fannijs ta...
- Ynformaasje mislearre DE HAACH – It is ynformateur Uri Rosenthal (sjoch foto)...








