Trekkersertifikaat op skoalle
woansdei 16 junyIt Stellingwerf College yn Easterwâlde jout as earste middelbere skoalle yn Nederlân learlingen de kâns it trekkersertifikaat te heljen. De ôfrûne moannen hawwe 24 learlingen teory- en praktykles folge. Twaëntweintich fan har hawwe yntusken ek it sertifikaat helle, de oare twa besykje dat noch.
De lessen wurde jûn yn gearwurking mei in meganisaasjebedriuw, in tal trekkerdosinten en eksaminatoaren en de gemeente.
Oant no ta koene allinne learlingen fan in Agrarisch Opleidings Centrum op skoalle in sertifikaat helje.
(tekst: Omrop Fryslân)
Ek sjen:











