Trijetalige pabo yn Ljouwert
tongersdei 17 juny 2010
LJOUWERT – De Ljouwerter hegeskoallen Stenden en NHL begjinne yn septimber mei in trijetalige pabo. Taalfeardige studinten fan de besteande pabo, de oplieding ta skoalmaster of -juf, kinne har dan ekstra ferdjipje yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Fierders komme se yn ‘e kunde mei de foardielen en swierrichheden fan it lesjaan yn ferskillende talen en ûnderfine se sels hoe’t dat is, mei’t de kolleezjes yn alle trije talen jûn wurde.
Doel fan de nije pabo is dat studinten derop klear binne om by in trijetalige basisskoalle te wurkjen. Dy winne de lêste jierren hurd oan, wylst de pabo’s net genôch studinten ôfleverje dy’t geskikt binne om dêr les te jaan.
De hegeskoallen wurkje yntinsyf gear by it opsetten fan de nije trijetalige oplieding.
Ek sjen:
- Trijetalige pabo’s iepene LJOUWERT – Ljouwert hat as earste stêd yn Nederlân twa...
- Earste jierdei trijetalige pabû LJOUWERT – In jier lyn begûnen de hegeskoallen NHL en...
- De trijetalige pabû is begûn LJOUWERT – Fiifentweintich goede studinten fan de twa hegeskoallen yn...
- Sân nije studinten Frysk by NHL LJOUWERT – De hegeskoalle NHL yn Ljouwert kin dit jier...
- Stúdzje wettertechnology yn Ljouwert LJOUWERT – In nije hbo-oplieding wettertechnology oan de NHL en...








