Twa graden

woansdei 23 juny 2010

Minsken meitsje harren ornaris net sa drok om slomjende gefaren. Earst as bedrigings akút wurde, gripe we yn. Wat presidint Obama fan de Feriene Steaten oanbelanget is de oaljeramp yn de Golf fan Meksiko oanlieding it jeuzeljen oer duorsume enerzjy no einliks ris om te setten yn dieden (sjoch It Nijs fan 16 juny). Wittenskipssjoernalist Mark Lynas warskôget al in jiermannich foar de noch folle gruttere slomjende gefaren dy’t mank geane mei it waarmer wurden fan de ierde troch it brûken fan fossile enerzjyboarnen. Hy skreau in byldzjend boek oer de gefolgen fan eltse graad temperatuerferheging: Six Degrees. Sjoen de aktualiteit publisearret It Nijs graad-foar-graad-gearfettings. Ferline kear binne de wichtichste effekten beskreaun fan ien graad opwaarmjen. No: twa graden, oftewol yn trochsneed 1,1 – 2,0 ºC wrâldwide temperatuerferheging sûnt it pree-yndustriële tiidrek.

Hite simmers lykas dy fan 2003 sille normaal wurde: yn de rin fan de foarrige ieu is it foarkommen fan tige hite dagen al fertrijefâldige wylst hytteweagen op it fêstelân twaris sa lang duorje. Dat jier binne der yn Europa 22.000 oant 35.000 minsken beswike oan de hytte, is der foar 12 miljard dollar oan rispings ferlern gien en hawwe boskbrânen foar 1,5 miljard oan skea feroarsake. Der wie te min wetter foar skipfeart en de produksje fan wetterkrêft. Fergiftige algebloei woekere yn rivieren en marren. Yn Europa rûn de plantegroei dat jier troch de hytte mei 30 % tebek. De takomstige swierrichheden sille wat ús part fan de wrâld oanbelanget it slimst wêze yn Súd-Europa.

IisbearenDe iisbear rint mei de dea yn ‘e skuon om’t er op it ferdwinende pakiis jaget

Yn Sina kin de jierlikse moessonsyklus, mei simmerdeis dampe oseaanlucht en winterdeis droege kontinintale wyn, fersteurd wurde om’t de oseanen de waarmte stadiger absorbearje. Dat soe fan gefolgen ha dat de droechten fan de lêste jierren yn it noardlik part fan Sina trochsette. In brune laach yn ‘e grûn op 30 meter djipte wiist derop, dat soks 129.000 jier lyn yn it Eemien-ynterglasiaal - de waarme perioade foar de lêste iistiid – ek bard is. Ûnderwilens oppenearje har yn it suden fan Sina en yn Yndia mear oerstreamings troch hommels opkommende stjalprein, ynstee fan de wenstige mylde reinbuien. Bangladesh komt alle jierren foar 30 oant 70 % splis te stean.

WalrusDe walrus dûkt fan it iis ôf, foar fretten op ‘e boaiem fan ‘e see, en hat dêrom ek gjin kaartsje foar de 2-gradenwrâld

Trochdat gletsjers fuortteie, is it dien mei de evenredige oanfier fan wetter rûnom op ‘e wrâld en dat hat grutte gefolgen foar drinkwetter, de lânbou en elektrisiteitsproduksje út wetterkrêft. Yn de Andes is de ôfrûne tritich jier in fjirde part fan ‘e gletsjers al weiteid (sjoch ôfrûne wike yn It Nijs). Yn de Sierra Nevada ferfljocht it snietek, dat as wetterreservoir fungearret foar Kalifornië. Dy steat kin dêrom net op ‘e nij ‘Dust Bowl’ flechtlingen opheine, lykas yn de jierren tritich. Troch de droechte sille de rispings yn Afrika stikken lytser wurde. Dêr stiet foaroer dat it noarden fan de Feriene Steaten tige gaadlik wurdt foar de bou fan winterweet. Bettere mooglikheden foar lânbou komme der ek yn Kanada, Skandinavië en Ruslân. Oft de prizen foar iten yn de ’2-gradenwrâld’ wat stabyl te hâlden binne, sil dêrfan ôfhingje, oft nije lânbougebieten yn it noarden fluch genôch ûntsletten wurde kinne om de lânbou dy’t yn it suden ferskrokt, op ‘e tiid te ferfangen.

GraupiperOars as de measte minsken tinke, bliuwt it by de hjoeddeistige klimaatferoaring net by it ferdwinen fan it ekosysteem op ‘e Noardpoal. Ekosystemen rûnom op ‘e wrâld krije in ûngenedigen klap. De graupiper is ien fan ‘e fûgelsoarten dy’t net mear meidwaan sil yn ‘e 2-gradenwrâld.

Mear as de helte fan de koaldioksyde dy’t de minske yn de atmosfear bringt, bedarret úteinlik yn see en foarmet dêr koalsoer. Sadwaande fersuorje de oseanen, wylst foar in tierich seelibben just licht alkalyske (basyske) kondysjes needsaaklik binne. Dat hat slimme gefolgen foar alle libben mei in skaal, lykas krabben, seestikelbargen, moksels en oesters. As it plankton oantaast wurdt, is it leed net mear oer te sjen, om’t alle fiedselstringen yn ‘e seeën dêrfan ôfhingje. Útdylging fan it plankton sil liede ta ‘seewoestinen’ sûnder libben.

De Grienlânske iiskape sil foar in grut part en faaks úteinlik hielendal fuortteie en de seespegel wrâldwiid 5 of 6 (lykas yn it Eemien) oant 7 meter heger wurde. Neffens de gongbere opfettings bart dat hiel stadich, yn tûzenen jierren, mei trochdat mear delslach ek wer ta oangroei laat. Dêrby wurdt útgien fan modellen dy’t dermei rekkenje as wie de kape in fuortteiend iisklontsje, mar de wurklikheid is komplekser. Jakobshavn_retreat-1851-2006

It ôfbroazeljen, rjochts, fan de Jakobshavn-gletsjer (grizich) mei lofts Illulisat, in fjord fol mei iis (witer); de foto is fan 2001

De gletsjers ferpleatsten har de lêste jierren folle hurder as gewoanwei en ûndermynje dêrmei de hegere parten fan de iiskape. De grutste gletsjer, de Jakobshavn Isbrae, allinnich al ferantwurdlik foar 4 % fan ‘e seespegelstiging yn ‘e 20e ieu, ferdûbele tusken 1997 en 2003 de gong fan syn ferweech. Mooglik komt dat omdat der putten ûntsteane yn it iis, dêr’t teiwetter yn falt dat ûnder it iis fierder streamt (‘moulins’). It iis soe dêroerhinne folle hurder as eartiids ta de see yn súlkje (glydzje) kinne. Mar op it heden liket it derop dat dat fenomeen allinnich lokaal effekt hat. In oar nuodlik proses is lykwols ditte: trochdat donker wetter op it iis stean bliuwt, wurdt folle mear sinneljocht absorbearre as de konvinsjonele foarsizzings oanjouwe. Dat soe in fuortsterke weiteien fan gefolgen hawwe en in ferklearring jaan foar it eltse tweintich jier in meter omheechsjitten fan de seespegel dat 14.000 jier lyn, oan ‘e ein fan de lêste iistiid, al ris west hat. As dat skielk wer bart, stiet yn 2100 de seespegel 5 meter heger as hjoed-de-dei.

Athabasca_MoulinIn moulin

Op it stuit is al in massaal útstjerren geande, foar de seisde kear yn de skiednis fan de ierde; de lêste kear binne de dinosaurussen útroege en de helte fan it oare libben. Dizze kear is de minske de oarsaak: troch ferlies fan natuergebiet, jacht, fersmoarging, yntroduksje fan nije soarten ensfh. stjerre soarten 100 oant 1000 kear sa hurd út as ornaris. De temperatuerstiging komt dêr no noch oerhinne. Út ûndersyk nei de al ynsetten klimaatferoaring die bliken dat 100 bestudearre soarten oer de hiele wrâld alle tsien jier yn trochsneed 6 km yn ‘e rjochting fan de poalen ferhúzje en 6 m berchop. Guon flintersoarten hawwe harren libbensgebiet al 200 km ferlein. Foar natuerlike soarten is it wêzentlik hoe hurd oft de temperatuer omheech giet. In stiging fan 2 ºC yn 1000 jier soe de natuer wol oprêde, mar sa’n temperatuerferheging yn 50 jier – wat folle oannimliker is – ferneare de measte soarten net. Sels in protte flinters ferfarre net sa hurd. It Ingelsk blautsje ferspriedt him mei in gong fan net mear as 2 km de 10 jier. Rinkrobben helje mar in tsiende dêrfan en sieden fan beammen sa’n 1 km yn ‘t jier. En dan fansels allinnich mar as der gjin behinderings binne. Sa sille kalkgerslannen net ferkroadzje kinne, as de boaiem yn de neiste koelere kriten út klaai en granyt bestiet. En dan binne der noch de minsklike tûkelteammen: stêden, ferkearsdiken, agraryske monokultuer ensfh. Wannear’t ekosystemen útelkoar lutsen wurde, fertiget boppedat de syngronisaasje. Yn Nederlân is de populaasje fan de bûnte miggesnapper mei 90 % tebekrûn meidat de jongen ferhûneloartsje om’t tsjin de tiid dat se ta it aai út krûpe, de oantallen rûpen al wer ôfnimme. Yn de ’2-gradenwrâld’ ferdwynt yn Europa tusken 11 en 17 prosint fan de plantesoarten en in kwart fan ‘e fûgelsoarten.

TufmiesFoar de dea optekene: de tûfmies.

Der komme folksferhuzings, mear hongersneden, libbenswizen sille telider gean en – omdat de natuer nei gychem giet – de minske sil aanst faaks suver moerallinne omskaaie op in ferrinnewearre wrâld, mar hawar, eintsjebeslút moat 2 graden temperatuerferheging foar it grutste part fan it minskdom sa’n bytsje te oerlibjen wêze. Neffens de Feriene Naasjes sjocht it der lykwols op it heden noch net nei út dat de wrâldsmienskip it oprêdt en behein it opwaarmjen ta 2 graden; sjoch de oanlieding fan dizze rige. Dêrom oare kear noch folle mear horror: trije graden.

InuitsDe tûzenen jierren âlde libbenswizen fan Eskimo’s sille telider gean

Ek sjen:

  1. Fjouwer graden
  2. Trije graden
  3. Fiif graden
  4. Seis graden
  5. 5 graden waarmer yn Fryslân

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic